Buro de Vries fan 1 april 2018 11:00

Te gast is de nije haadredakteur fan de Ljouwerter Krante: Sander Warmerdam * Jelle de Jong ferlit nei 40 jier syn Skrok * YM Jacob Galema * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Isabelle Diks, Betty de Boer en Eric Ennema. 

Nei radio en social-media no oan 'e slach by de krante

  • Sander Warmerdam, de nije haadredakteur fan de LC

Us gast hjoed is Sander Warmerdam fan Snits, de nije haadredakteur fan de Leeuwarder Courant en âld-lid fan de ried fan kommissarissen by Omrop Fryslân. Warmerdam waard berne yn de Bollestreek, mar groeide op yn Stiens. Dêr wie er ûnder oare frijwilliger by Radio Middelsé. By syn stúdzje Amerikanistyk rûn er staazje by NOS-korrespondint Charles Groenhuijsen yn Amearika. Doe't er weromkaam yn Nederlân gie er oan de slach by de NOS, dêr is er oant koartlyn einferantwurdlik wie foar de webside. Sander Warmerdam is de opfolger fan Hans Snijder, dy naam ein ferline jier ôfskied fan de krante. 

Jelle de Boer ferlit 'syn' Skrok

  • Jelle de Boer ferlit 'syn' Skrok

De winter wie feninich, mar it is no echt maaitiid. En krekt op dit stuit ferhuzet Jelle de Boer fan natoergebiet 'Skrok' by Easterein nei Wommels. De Boer hat sa'n sechtstich jier yn dit gebiet wenne, wêrfan de lêste tritich jier as behearder foar Natuurmonumenten. It Buro gie fan 'e wike nochris mei him it fjlid yn.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Jacob Ysbrand Galama

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jacob Ysbrand Galama.

Oersjoch fan de wike

  • It oersjoch fan de wike mei û.o. it beslút de gaskraan ticht te draaien

Makke troch Geartsje de Vries.

Nijsfoarum mei Isabelle Diks, Betty de Boer en Eric Ennema

  • It nijsfoarum mei Isabelle Diks, Eric Ennema en Betty de Boer

11:08 - Beatles - Penny Lane
11:30 - Sinceros - Worlds Apart
11:43 - Piter Wilkens - De Kening Fan De Greide
11:54 - Gerry And The Pacemakers - I Like It
12:08 - Suzanne Vega - Marlene On The Wall
12:16 - Sydney Youngblood - If Only I Could

Programma presentator: 
Geartsje de Vries

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)