Buro de Vries fan 1 april 2013

Op peaskemoandei komt Buro de Vries mei in ekstra útstjoering. It is ien en al nostalgy dit wykein by de Omrop. Mei it tema 'ferfier' kin je net om it Dokkumer Lokaaltsje hinne.

Dokkumer Lokaaltsje

Op 31 mei 1899 waard de Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij (NFLS) opgerjochte. It NFLS-net bestie út in eastlik en in westlik stik. Op 22 april 1901 ried de earste reizgerstrein op it trajekt Ljouwert-Ferwert.

Nei de splitsing yn Stiens gong it westlike spoar yn Sint Anne en Tsjummearum nei Harns, mei in sydtakke nei Frjentsjer. It eastlike spoar gong nei Stiens fierder yn de rjochting fan û.o. Ferwert, Ternaard, Dokkum en it einpunt Mitselwier.

Yn 1913 waard it spoar nei Eanjum trochlutsen. De eksploitaasje waard yn 1905 oernommen troch de HSM. In soad minsken makken gebrûk fan dizze treinferbining. Ut it argyf prachtige ferhalen oer it Dokkumer Lokaaltsje.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)