Buro de Vries 2 juny 2013

    Skat sykje, klinkt spannend. Is it ek, en it kin oeral, ek yn Fryslân. It Buro dûkt yn de wrâld fan geocaching. Fierder in bysûnder konsert, Rien betsjút niks, en allinne op it Oerd. Dat en mear dizze útstjoering.

    Trije dagen op It Oerd

    Op de eastlike punt fan It Amelân, It Oerd, stiet fier fan de bewenne wrâld in fûgelwachtershutsje. Kollega Remco de Vries brocht dêr in nacht troch. In nacht dy't foar de leppelbekken op 't Oerd net al te bêst ôfrûn...

    YM

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

    Dûbelkonsert "Brandende Bigbands"

    Se spile saksofoan en fluit, Grytsje Jorritsma. Se ferstoar in jier lyn, op 3 juny 2012. Grytsje hat sa'n 15 jier by Big Band Fryslân spile en har favorite band wie De Stageband. As earbetoan oan har jouwe se snein 16 juny in dûbelkonsert yn de Harmonie. Saksofonist Hans Wijnbergen oer syn grutte leafde.

    Underweis 1668

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn Rien. Yn it Frânsk betsjút dat 'neat'. Frânske toeristen meie graach mei it plaknammeboerd op de foto.

    Kollum

    De wyklikse kollum komt hjoed fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

    Skat sykje

    Skatsykje, en dan net mei in âlde lânkaart en ûndudlike oanwizings, mar mei it moderne GPS. Geocaching hyt it, en it is in hieltyd grutter fenomeen, ek yn Fryslân.
    www.geocaching.com
    c:geo
    www.tornado8.nl/

    Minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Harkje nei: Piken op de kamping. http://www.nykdev.nl/

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)