Buorkje foar begjinners fan 7 novimber 2018 17:45

Potferjanhinnekont! Yn dizze ôflevering fan Buorkje foar begjinners binne wy by wâldpyk Wilco Atsma yn Tzum. Wilco hat 140.000 hinnen, in goede hygiëne is dus hiel belangryk. Emiel begjint de dei mei it opromjen fan deade hinnen. Ek soarget hy dat de kachel goed baarnen bliuwt troch him fol hout te skeppen. Wat opfalt is dat Emiel foaral in soad oare putsjes docht. En dat komt troch, sa seit Wilco: "As it goed giet mei de hinnen hast der net in soad wurk fan!"

Buorkje foar begjinners

Yn it programma 'Buorkje foar begjinners' giet Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, tsien kear foar de earste kear buorkjen. Hy giet nei in grut ferskaat oan buorkerijen.
(advertinsje)