Buorkje foar begjinners fan 5 desimber 2018 17:45

Yn dizze útstjoering stiet it bedriuw fan de famylje Deinum út Sondel sintraal. Boerin Welmoed hat ôfrûne jier de priis wûn foar de meast duorsume jonge boer fan Fryslân. De kij op harren bedriuw wurde net byfuorre om it sa biologysk mooglik te hâlden. In diel fan de kij wurde nei twa jier slachte en dat fleis ferkeapje sy yn harren eigen winkel.

Buorkje foar begjinners

Yn it programma 'Buorkje foar begjinners' giet Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, tsien kear foar de earste kear buorkjen. Hy giet nei in grut ferskaat oan buorkerijen.
(advertinsje)