Wy hawwe net allinnich melkkij yn Fryslân mar ek in pear Black Angus. Yn Akkrum wennet Hans Kerkhof. By him op it bedriuw stiet net de molke mar it fleis fan de ko sintraal. Ek wurdt gebrûk makke fan it sperma fan de kij. Emiel mei de ko fan de buorman ynseminearje, mar dat is sa maklik noch net. De reden dat Hans mei Black Angus begûn is hat in wrange reden, it hat nammentlik alles te krijen mei de fosfaatregeling.