Buorkje foar begjinners fan 27 maart 2019 17:46

Yn dizze útstjoering fan Buorkje foar begjinners geane wy nei in koweboer. Yn Eastermar helpt Emiel om keunstdong te struien mar makket hy foaral ek in soad stikken. In belangryk ûnderdiel fan dit boerebedriuw binne de kij. De kij wurde út it lân helle en geane nei de molkstâl om molken te wurden. Fierder moatte de kealtsjes fuorre wurde en Emiel lit sjen hoe belutsen hy is troch dat foer sels ek even te priuwen..

Buorkje foar begjinners

Yn it programma 'Buorkje foar begjinners' giet Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, tsien kear foar de earste kear buorkjen. Hy giet nei in grut ferskaat oan buorkerijen.
(advertinsje)