Buorkje foar begjinners fan 10 oktober 2018 17:45

Neist in hiel soad koweboeren en akkerbou hawwe wy ek geiteboeren yn Fryslân. Yn dizze útstjoering is Emiel op besite by in geiteboer yn Wikel. De lytse geitsjes moatte nei in oar plak en de geiten wurde hjoed bekapt. Ek learst yn dizze útstjoering dat bokken itselde binne as manlju en dat, dat foaral te krijen hat mei de froulju..

Buorkje foar begjinners

Yn it programma 'Buorkje foar begjinners' giet Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, tsien kear foar de earste kear buorkjen. Hy giet nei in grut ferskaat oan buorkerijen.
(advertinsje)