Bosk fan 16 jannewaris 2017 18:45

    Oflevering 2: Marrit lit Justus as in bakstien falle as Oosterbaan, har heit, ûntdekt dat der stellen is yn syn hotel. Om syn hûd te rêden moat Justus in deal meitsje mei Oosterbaan. Wannear’t Justus ûntdekt wa’t de man yn de bosk is, beslút hy him te konfrontearjen.

    Bosk

    In oar besykje te helpen en dêrmei sels yn ‘e knipe komme. Yn de nije jeugddramasearje ‘Bosk’ fan Omrop Fryslân komt de fyftjinjierrige Justus yn de bosk in ferwyldere man tsjin en besiket him te helpen. Mar syn goede bedoelingen rinne út op in fûle striid.
    (advertinsje)