Boppeslach Kafee fan 8 desimber 2011

Yn it Boppeslach Kafee stiet tongersdei de fuotbalskiedsrjochter sintraal. Wat binne de moaie kanten en de minder aardige kanten fan dit fak? En wat makket in skiedsrjochter allegear mei? Oan tafel Erwin Zeinstra. Hy akteart op it heechste nivo as grinsrjochter, mar hat ek skiedsrjochter west. Minne Modderman is mei pensjoen, mar kin hast alle fjilden fan it amateur- en proffuotbal. En hoe is it foar in frou om de lieding te hawwen yn dizze mânljuswrâld. Sjoukje de Jong kin dêr oer fertelle. En Anne Achttien is skiedsrjochter yn it amateurfuotbal en makket net altyd like leuke dingen mei. Ek syn ferhaal.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)