Boppeslach Kafee fan 5 april 2012

De follybalfroulju fan Snits skreaune hast histoarje dizze wike. Folslein ûnferwachts behellen se de finale om de nasjonale lânstitel. Yn in best of five searje tsjin Sliedrecht moast útmakke wurde wa't lânskampioen waard. De Snitser froulju ferlearen it, mar setten dochs in hiel unike prestaasje del. Yn it Boppeslach Kafee is dêrom it team fan coach Petra Groenland te gast. Om nei te skôgjen en nei te genietsjen fan dit ûnferwachte suksesfolle seizoen, en foarút te sjen nei de takomst. Wat binne de mooglikheden de kommende jierren op sportyf en finansjeel flak. De Snitser follybalfroulju te gast dus yn it Boppeslach Kafee!

Share this page on:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)