Boppeslach Kafee fan 30 oktober 2012

Snits! Dat is it tema fan it Boppeslach Kafee hjoed.
By útsûndering stjoere we ús kafee op tiisdei út. Dat fansels fanwege de lanlike bekerwedstriden fan ONS en Snits Wyt Swart. De beide ploegen ûntfange earedivyzionisten op harren sportparken. ONS spilet woansdei thús tsjin Ajax en Snits Wyt Swart krijt Gertjan Verbeek mei "syn" AZ op besite. Yn it kafee prate we wiidweidich oer de ferwachtings fan de beide klups, mei trainers, bestjoerders en fansels de spilers.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)