Boppeslach Kafee fan 29 maart 2012

It reedrydseizoen sit der op. It wie it jier fan de comeback fan Sven Kramer en de trochbraak fan de BAM ploech fan Jillert Anema yn it langebaanriden. En sadwaande ha we de haadrolspilers tongersdei te gast yn it Boppeslach Kafee. Sven Kramer en Jillert Anema sjogge werom op dit seizoen. En foarút nei de takomst fansels. Sit der dochs nochris in kear in gearwurking yn tusken de beide manlju? We hawwe it der oer yn it Boppeslach Kafee.

Share this page on:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)