Boppeslach Kafee fan 26 jannewaris 2012

Iis yn Fryslân is tongersdei it tema yn it Boppeslach Kafee. Hoe komt it no mei Thialf en wat is it bêste foar de riders yn de provinsje? Moat der nijboud wurde op It Hearrenfean, of renovearre en wat moat der no yn Ljouwert komme, in baan fan 400 meter of in lytsere baan? Oan de stamtafel fan Boppeslach Kafee sitte de belutsenen. De direkteur fan Thialf Jarko Nieweg, de foarsitter fan it gewest Fryslân fan it reedridersbûn KNSB Jelle Wesselius en de direkteur fan de Ljouwerter iishal Johan van der Kooi.

Share this page on:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)