Boppeslach Kafee fan 15 maart 2012

It Boppeslach Kafee stiet jûn folslein yn it teken fan Ut Beest...
Lieuwe Westra, de hurdfytser fan De Tynje is te gast. Lieuwe waard de ôfrûne wike twadde yn Parijs-Nice, "de koers naar de zon". In topprestaasje en hjirmei nêstelet hy him by de top fan de wrâld op hurdytsmêd. Oer syn ûnderfinings ferline wike, mar ek oer de takomst en hoe't it eartiids gie fertelt Lieuwe syn ferhaal, mar ek mem Alie is mei, broer Jan Hindrik en freondinne Adriëne. En de persoanlik trainer Ronald van Roeden docht ek syn ferhaal oer de ûntwikkeling fan Lieuwe.

Share this page on:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)