Boppeslach Kafee fan 13 desimber 2012

Riemer van der Velde is te gast yn it Boppeslach Kafee. De âld-foarsitter en eare-foarsitter fan Sportklup Hearrenfean praat mei presintator Arjen de Boer oer de gong fan saken by de klup. Sportyf en finansjeel belibbet SC Hearrenfean drege tiden. De jildkrapte liket ûnder kontrôle, de resultaten ûnder trainer Marco van Basten hâlde net oer.

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)