Boppeslach fan 9 septimber 2013

Sneon giet it skeelerpeloton los foar de 100 kilometer om Hallum hinne. Wa wint dizze swiere wedstriid? Yn Boppeslach kinne jo sjen nei in ferslach. Yn Droegeham is wer it tradisjonele konkoers hippyk. Ek dêroer in reportaazje. Us Derek giet op revâns. Nei syn debút op Wolvegea ôfrûne wykein dat hiel gau einige yn in galop, sil it draafhynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân him revansearje yn in nije koers (hoopje we). Yn Surhústerfean sille de trije sterkste manlju fan Fryslân de striid mei elkoar oangean. En topklassefuotbal hawwe we ek. ONS Boso Snits spilet yn en tsjin Spakenburg.

Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)