Boppeslach fan 9 july 2012

Yn Boppeslach omtinken foar de Fryske fuotbalskoalle. Haad oplieding Jan de Jonge fan Sportklup Hearrenfean wol in gearwurkingsferbân oangean mei SC Cambuur. Hoe tinke de partijen hjiroer? We wiene ek op Sportpark De Bosk by de oefenwedstriid fan Harkemase Boys tsjin SC Cambuur. Ferslachjouwer Roelof de Vries is noch altyd yn Frankryk by de Tour de France. Yn syn bydrage ûnder oaren Pieter Weening en Lieuwe Westra. Op de draafbaan yn Grins waard de tredde wedstriid fan it WK langbaan ferriden. Hoe diene de Friezen Jannick de Jong en Theo Pijper it yn dat motorgeweld? En Us Derek koe him sneon kwalifisearje foar de offisjele koersen. As er in kilometertiid fan 1.27 draaft dan is er klear foar it grutte wurk. Benijd? Dan sjen nei Boppeslach.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)