Boppeslach fan 6 febrewaris 2012

Boppeslach stiet hjoed fansels ek yn it teken fan natueriis en de spanning oft de tocht der tochten der komt of net. Wat tinke de wedstrydriders, hoe riede se harren ta? Of fine se de gekte fierstene grut? Wy freegje it harren by it FK maraton op de Iselmar by Hylpen. Fansels ek in ferslach fan de wedstryd by de manlju en de froulju. Fierder noch it NK allround dit wykein yn Thialf dêr't noch plakken foar it WK yn Moskou te fertsjinjen wiene. In portret fan Romano Denneboom, de nije oanwinst fan Harkemase Boys. En Us Derek, it hynder fan de sportredaksje. Hoe giet it mei him en syn training yn de winter. Ek dêroer in reportaazje.

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)