Boppeslach fan 5 maart 2012

Om degradaasje út de topklasse te ûntrinnen spilet Harkemase Boys noch tsien kear in finale. Tsjin ARC, de nûmer lêst, moat yn Alphen aan de Rijn beslist wûn wurde. Hoe't it ôfrint sjogge jo yn Boppeslach. Yn de haadklasse spilet ONS Snits, de nûmer trije, de útwedstriid tsjin koprinner WHC. Makket ONS de kompetysje yn de boppe-ein wer spannend? De kuorballers fan LDODK reizgje nei Wageningen foar de striid yn de haadklasse tsjin koprinner VADA. By winst is de kâns grut dat de kuorballers fan Terwispel en De Gordyk de neikompetysje foar in plakje yn de kuorballeague helje. En Derek, it draafhynder fan de sportredaksje, hat de guit te pakken. We sjogge hoe't it mei syn sprinttraining giet.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)