Boppeslach fan 30 july 2012

Woansdei 1 augustus is de PC, de wichtichste wedstryd foar de Fryske keatsers. Moandei is de lotting fan de PC. Yn Boppeslach kinne jo sjen hokker partoeren tsjinoer mekoar komme te stean. Ek bylden fan de generale fan de PC, de frije formaasjepartij yn Arum. Mar it wichtigste sportevenemint fan de wrâld, de Olympyske Spelen, is op dit stuit ek yn folle gong. Mei ek aardich wat Fryske dielnimmers. Omrop Fryslân hat in ferslachjouwer yn Londen, Jan Vincent van Zuiden. Hy docht yn Boppeslach ferslach fan de prestaasjes fan de Friezen.

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)