Boppeslach fan 28 novimber 2011

Yn Boppeslach in ferslach fan de wedstryd Harkemase Boys tsjin SC Genemuiden. Krije de Harkiten sa stadichoan it lek boppe? Siler Pieter Jan Postma is drok yn tarieding op de Olympyske Spelen yn London. We sjogge oft er wat op skema leit.
En Gerald Sibon, de man dy't ferline wike sneon SC Hearrenfean nei in lykspul liede tsjin RKC mei in prachtich doelpunt. Hoe sjocht hy oan tsjin syn posysje by Hearrenfean. De lêste wiken siet hy net mear by de seleksje, ta syn ûntefredenheid. Hat hy no syn gelyk helle, en wat docht de senior fan it team noch mear by de klup. Op dy fraach krije we antwurd.
En we gean op syk nei de woartels fan Us Derek. It jonge draafhynder mei de achternamme Buitenzorg. Hy komt út Bemmel. Mar wa bin syn heit en mem en op wa liket hy no it meast?

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)