Boppeslach fan 28 maaie 2012

Moandei 28 maaie, pinkstermoandei stiet de Fryske sport foar in grut part yn it teken fan de Bûnspartij yn Frjentsjer. Dit NK keatsen foar ôfdielings krijt dus ek in soad omtinken yn Boppeslach op pinkstermoandei. En Epke Zonderland sil besykje syn Europeeske titel te prolongearjen yn Montpellier, ek dêroer mear. Mar ek omtinken foar silen. Yn Medemblik binne wrâldbekerwedstriden, dêr't Roelof Bouwmeester foar de lêste kâns giet om in Olympysk startbewiis binnen te heljen. Pieter Jan Postma, dy't al wis is fan Londen 2012, is ek fan de partij. En Us Derek is 2 jier wurden en syn prestaasjes wurde hieltiid better. We sjogge wer ris efkes op de drafbaan fan Wolvegea oft ús hynder progresje makke hat.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)