Boppeslach fan 27 maaie 2013

Yn Boppeslach omtinken foar twa Fryske topsilers. We folgje Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma op de lêste dei fan de Delta Lloyd regatta op 'e Iselmar by Medemblik. Fierder dûke we yn it ferline en de mooglike takomst fan basketbalferiening Aris Ljouwert. Ek in sfearferslach fan de beslissingswedstriid yn de 3e klasse fan it sneonsamateurfuotbal. Wa wurdt kampioen: NOK of SVM? En wurdt Sportklup De Jouwer de tredde Fryske ploech yn de sneinshaadklasse? Dat moat yn de finale fan de neikompetysje Hoogeveen oan de kant set wurde.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)