Boppeslach fan 26 augustus 2013

Yn Boppeslach sjogge we fansels wiidweidich werom op it nasjonaal kampioenskip fierljeppen yn Polsbroekerdam. De twastriid tusken Hollân en Fryslân. De amateurkompetysje yn de topklasse set wer útein dit wykein. Dat betsjut dat ONS Snits har debút sneon makket. De earste wedstryd is út tsjin Scheveningen. Wy binne derby. Nei de PC is it miskien wol de wichtichste klassiker yn it keatsen: De Van Aismadei yn Bitgum. Yn Boppeslach in ferslach fan dy partij. En it wurdt in hiele wichtige wike foar Us Derek! Op 1 septimber is it safier! Dan giet hy de baan op foar syn earste koers. Op de drafbaan fan Wolvegea makket ús romrofte hynder syn debút. Yn Boppeslach sjogge we hoe't Derek der foar stiet.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)