Boppeslach fan 25 juny 2012

Yn Boppeslach omtinken foar it NK hurdfytsen yn Kerkrade. Pieter Weening fan De Harkema giet yn Limboarch as ien fan de grutte favoriten fan start en ek Lieuwe Westra fan De Tynje docht mei.

Fierder sjogge wy by de earste training fan SC Cambuur yn 'e tarieding op it nije seizoen. Wy binne by it NK sprint swimmen op It Hearrenfean mei Ilse Kraaijeveld. En Derek Buitenzorg sil foar de earste kear opdrave op in bomfolle drafbaan fan Wolvegea foar in training. Dêr wurdt ek in duo-sulky race hâlden foar Fryske pommeranten mei ûnder oaren Rintje Ritsma, Elske DeWall, Wiebe Wieling en Klaas Jansma.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)