Boppeslach fan 25 febrewaris 2013

Yn Boppeslach komme we better yn 'e kunde mei de nije trainer fan SC Cambuur. Dwight Lodeweges waard tiisdei presintearre. Hy sil takom seizoen de funksje oernimme fan Alfons Arts. Lodeweges is no noch trainer fan amateurklup VVOG. We sjogge yn Boppeslach hoe't Lodeweges dêr te wurk giet.
Yn de haadklasse C fan it sneonsfuotbal is it spannend foar ONS Snits. Se stean oan kop. Sneon stiet de topper tsjin Berkum op it programma. Dêrfan in ferslach. En Harkemase Boys docht it yn dy klasse ek wer better. Se dogge noch mei om in perioadetitel. Sneon spylje se tsjin ACV. Ek fan dy wedstryd in ferslach. LDODK nimt it yn Driebergen op tsjin Dalto. De kuorbalbylden sitte yn Boppeslach. En grif ek omtinken foar it WK reedriden foar junioaren yn Collalbo, mei in grutte Fryske ynbring. Dat en oare sport yn Boppeslach.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)