Boppeslach fan 24 juny 2013

Yn Boppeslach wiidweidich ferslach fan de earste training fan SC Hearrenfean. Boppedat wurde der twa fersterkings presintearre. Sa komt û.o. Yanic Wildschut oer fan VVV, hy tekenet in kontrakt foar trije seizoenen. Ek is der in in ferslach fan de earste training fan SC Cambuur. Fierder wienen wy by it NK hurdfytsen yn Kerkrade mei de twa Fryske troeven yn de Tour de France, Lieuwe Westra en Bauke Mollema. En Us Derek kin him einliks kwalifisearje foar in echte koers!

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)