Boppeslach fan 23 july 2012

Sportklup Hearrenfean is dwaande mei de tarieding en oer fjirtjin dagen stiet de earste belangrike wedstriid al op it programma: Europeesk fuotbal. Hoe stiet de ploech der foar?

De Tour de France is snein dien en moandei sjogge we werom op de grutste hurdfytskoers fan de wrâld. Mei Eddy Schurer en Wiebren Veenstra sjogge we werom op de prestaasjes fan Westra, Mollema, Weening en Tjallingii. Schurer en Veenstra hawwe sels ek meidien oan de Tour de France.

It keningsljeppen is ien fan de de klassikers yn de fierljepwrâld. Wa ferslaat Bart Helmholt op syn eigen barte? It Nederlânsk kampioenskip mountainbike fynt dit jier plak yn Stienwyk en Fryslân hat twa talinten dy't Boppeslach folget: Fardau Westra en Karen Brouwer.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)