Boppeslach fan 22 april 2013

De kampioenskoarts rint op yn Ljouwert. Want it kin noch. Mei twa punten achterstân op FC Volendam bliuwt Cambuur yn de race foar streekrjochte promoasje. Yn 1992 waard Cambuur foar it earst kampioen. Mei de haadrolspilers fan doe sjogge we werom op dy perioade.
ONS giet ek rjocht op har doel ôf. It kampioenskip fan de haadklasse C. We folgje de Snitsers yn har wei nei de promoasje nei de heechste amateurklasse, de topklasse.
En Aris sit middenyn de play-offs. Hoe't it de Ljouwerter basketballers fergiet sjogge jo yn Boppeslach.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)