Boppeslach fan 20 febrewaris 2012

Yn Boppeslach hawwe we jûn fansels omtinken foar it WK reedriden allround yn Moskou. Wurdt Sven Kramer foar de 5e kear wrâldkampioen en hellet Marrit Leenstra it poadium?
Ek in ferslach fan de wedstriid Cambuur-Sparta. Kinne de Ljouwerters einliks wer ris winne? En in portret fan Romano Denneboom. De sympatike eks-fuotballer fan SC Hearrenfean is de nije spits fan topklasser Harkemase Boys. We wiene by ien fan syn earste trainingen en by de wedstriid tsjin Spakenburg. Ek in ferslach fan it degradaasjeduel yn de haadklasse fan it kuorbal tusken Mid-Fryslân en SCO.

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)