Boppeslach fan 19 maart 2012

Yn dizze Boppeslach omtinken foar de prestaasjes fan Sportklup Hearrenfean. Se treffe PSV twa kear yn ien wike, earst foar de kompetysje en woansdei yn de heale finale fan de beker. Dizze wedstriden bepale foar in grut part hoe't de ein fan it seizoen fan Ron Jans en syn mannen der út komt te sjen. Heakje se oan by de top en helje se de bekerfinale, of geane de prizen nei de oare klups?

Yn de haadklasse fan it sneinsamateurfuotbal draait Snits Wyt Swart in prima seizoen. Se steane tredde en treffe snein de koprinner Be Quick 1887. We dogge ferslach fan dizze wedstriid. Fieder ek bylden út de topklasse fan de wedstriid Noordwijk-Harkemase Boys.

Foar de follybalfroulju fan Snits is it der op of der ûnder. Se spylje de beslissende tredde wedstriid yn de kwartfinale fan de play-offs tsjin Peelpush. By winst geane se nei de heale finale, by ferlies sit it seizoen der op.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)