Boppeslach fan 19 desimber 2011

Yn Boppeslach sjogge we werom op de earste seizoenshelte fan Sportklup Hearrenfean. Cambuur spilet snein syn útwedstryd tsjin Willem 2. Ek dêrfan in ferslach. Op It Amelân wurdt de tradisjonele Adventurerun organisearre. Mei wer in soad Fryske toppers oan de start by de heale maraton. Under oaren âld-Boalserter Erik Negerman. En Us Derek. Us hynder lient 'm hiel goed foar in moai krystferske tochten wy. Wat it wurden is sjogge jo yn Boppeslach!

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)