Boppeslach fan 18 febrewaris 2013

Yn dizze Boppeslach omtinken foar it WK allround yn Hamar. Sven Kramer wol foar de sechsde kear wrâldkampioen wurde en wy sjogge oft him dat slagget. En wat docht Ireen Wüst op datselde WK? Yn de haadklasse fan it sneonsamateurfuotbal in echte topper: koprinner ONS Snits nimt it op tsjin de nûmer trije SVZW. Yn Boppeslach in ferslach fan dizze wedstriid.

Fierder in reportaazje oer in groep bûtenlânske skeeleraars dy't harren omturnje wolle ta reedriders. Se wenje by elkoar op It Hearrenfean en ha mar ien doel: de Olympyske Spelen helje. Om't skeelerjen gjin Olympyske sport is besykje se it fia it reedriden. Ek omtinken foar it NK atletyk yn Apeldoorn. Heechspringer Douwe Amels giet foar syn fyfde Nederlânske titel. Hy wie oant no ta twa kear de bêste binnendoar en twa kear bûtendoar.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)