Boppeslach fan 16 septimber 2013

Epke Zonderland makket 'm op foar it wrâldkampioenskip ein septimber yn Antwerpen. We sjogge hoe't de Olympysk kampioen op it rek derfoar stiet en hoe't hy syn earste wrâldtitel binnen helje wol. Sportklup Hearrenfean spilet snein de noardlike derby tsjin FC Grins. Krije sy de Grinslanners ek op 'e knibbels lykas Cambuur dat in pear wike lyn ek slagge? En wat docht Cambuur tsjin Heracles? Yn Boppeslach de reaksjes. Op it Aldehoustertsjerkhôf wurdt sneon it keatsseizoen ôfsletten mei in hiel spesjale partij. It plein wurdt omtsjoed ta keatsfjild. De follybalsters fan Snits stean oan de foarjûn fan in nij seizoen. Sneon is de presintaasje, mar ek wurdt it 50-jierrich bestean fierd.
It is de alderlêste Boppeslach. Yn fûgelflecht sjogge we werom op 20 jier sport by de regionale Fryske tillevyzje.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)