Boppeslach fan 15 july 2013

Yn dizze ôflevering fan Boppeslach omtinken foar Sportklup Cambuur. De ploech fan trainer Dwight Lodeweges is dwaande mei de tarieding op it nije seizoen. Nei in tal oefenwedstriden tsjin amateurs is sneon de earste echte test tsjin Sparta Rotterdam. We sjogge hoe't Cambuur der foar stiet.

De fierljeppers komme hieltyd mear yn foarm no't de belangrykste wedstriden der oan komme. Yn Burgum stiet it tradisjonele keningsljeppen op it programma. Wa't it hjir goed docht, komt meastentiids ek fier op it Frysk kampioenskip. En yn Minnertsgea wurdt dit wykein keatst troch de junioaren. Se stride om it Nederlânsk kampioenskip. Ek fan dizze wedstriid in ferslach.

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)