Boppeslach fan 15 april 2013

SC Cambuur spilet snein tsjin De Graafschap. Fan dy wedstryd in ferslach yn Boppeslach.
It is in rare sitewaasje yn Snits. Kwa amateurfuotbal dan. De sneinstopklasser Snits Wyt Swart knokt tsjin degradaasje. En de sneonshaadklasser ONS striidt om it kampioenskip en dus promoasje nei de topklasse. Yn Boppeslach folgje we de wei nei it kampioenskip fan ONS.
It hurdfytsseizoen is yn Fryslân ek wer los. It kommend wykein is de Wâlden klassiker. Yn Boppeslach in ferslach.
En we binne ek by de (útstelde) start fan it gersbaanracen. Hoe komme de Friezen Jannick de Jong, Dirk Fabriek en Jeffrey Woortman yn it Drintske Vries út de startblokken? In reportaazje.

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)