Boppeslach fan 13 maaie 2013

Sportklup Hearrenfean moat noch fol oan de bak tsjin Roda JC om de play-offs te heljen. Hoe sjogge spilers werom op dit seizoen. Yn Boppeslach de evaluaasje fan it seizoen.
En we ha rom omtinken foar de Fryske sporten. It fierljepseizoen is wer úteinset. Yn Bûtenpost komme de fierljeppers yn aksje. We binne der by.
De keatsers ha harren frije formaasjepartij yn Sint Anne. Kin it partoer fan Gert Anne van der Bos dêr winne? Ha se wat oan de nije oanpak yn harren nije team, Puur Passie? Se wurde no traind troch âld-kuorballer en kuorbaltrainer Peter Tolsma.
Us Derek is no in pear wike by syn nije trainer. Hoe giet it mei him? In reportaazje!

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)