Boppeslach fan 12 novimber 2012

It reedrydseizoen is wer los. Dit wykein wiene de NK ôfstannen op Thialf. Yn Boppeslach sjogge we werom op de prestaasjes fan de Fryske dielnimmers. Foar LDODK en Fryslân is der in primeur: LDODK is de earste Fryske ploech dy't yn de heechste divyzje útkomt, de kuorballeague. We sjogge hoe't de earste wedstryd ferrint, thús tsjin Blauw Wit Amsterdam. Yn de earste klasse F fan it sneinsamateurfuotbal stiet in topper op it programma. De Jouwer nimt it op tsjin FVC. De nûmers ien en twa fjochtsje om de lieding yn harren klasse. Yn Boppeslach kinne jo de hichtepunten sjen. En de sportredaksje fan Omrop Fryslân stiet foar in duvelsk dilemma: moat harren hynder Derek kastrearre wurde of net? Yn Boppeslach wurdt it beslút bekend makke.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)