Boppeslach fan 12 jannewaris 2012

Yn dizze spesjale Boppeslachútstjoering rom omtinken foar turner Epke Zonderland. Wy hawwe him in jier lang folge yn syn striid om him te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen yn London. Begjin ferline jier hat Zonderland in hiel soad traind om in nij elemint oan syn oefening ta te heakjen: de Kovacs-Kolman. Wy sjogge hoe't er yn Berlyn Europeesk kampioen wurdt op syn favorite ûnderdiel, de rekstôk. Mar ek it absolute djiptepunt, it WK yn Tokio, komt foarby. En dizze wike hie Epke Zonderland noch ien kâns om syn Olympyske dream wier te meitsjen, op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn London.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)