Boppeslach fan 12 desimber 2011

Yn Boppeslach komme we hjoed better yn 'e kunde mei de bruorren Herder. Robert Herder is krekt ynterimtrainer wurden by Harkemase Boys en syn broer Henk is assistint trainer by SC Hearrenfean. Ek ha we kontakt mei de Fryske silers dy't dwaande binne mei harren wrâldkampioenskip yn Australië. De basketballers fan Aris nimme it dit wykein op tsjin Nijmegen, dêrfan in ferslach. En yn de sneinshaadklasse fan it amateurfuotbal spilet Snits Wyt Swart út tsjin Alcides. Ek dêrfan ferslach.
En, ús Derek. Hy kin pas takom jier hjerst koerse, mar wy binne ús al oan it tarieden. Sa wolle we wolris witte hoe't je no it bêste in gokje weagje kinne by de koersen.

Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)