Boppeslach fan 11 maart 2013

In grôtfolle útstjoering fan Boppeslach. We ha omtinken foar it WK shorttrack yn Debrecen (Hongarije) mei Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma. Ek de wrâldbekerfinale fan it langebaanreedriden op Thialf sit yn Boppeslach. Fierder de twadde heale finale om de nasjonale basketbalbeker tusken Aris en Zwolle. LDODK en Nic spylje de kuorbalslach fan it Noarden yn de kuorbal league. Yn Koatstertille is de grutte survivalrun, wy ha de moaie bylden. En ONS silet yn de sneonshaadklasse de wedstriid tsjin VVOG.

Share this page on:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)