Boppeslach fan 11 febrewaris 2013

Yn Boppeslach omtinken foar de 'krisis' by Sportklup Hearrenfean. Foarsitter Robert Veenstra leit ûnder fjoer. Ek in portret fan Alfred Finnbogason, de doelpuntemakker fan SC Hearrenfean. Fierder in ferslach fan de kuorbalwedstriid LDODK-PKC yn de kuorbal league en Us Derek, de draver fan de sportredaksje. Hoe is it mei ús rún?

Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)