Boppeslach Ekstra fan 10 augustus 2013

Frysk kampioenskip fierljeppen op sneon 10 augustus yn Winsum.

Foar de 57e kear wurdt der striden om de Fryske titels op de moaie akkomodaasje fan Winsum. Om healwei twaen begjint it spektakel. Ferline jier waarden Bart Helmholt, Hilianne van der Wal, Hans Ulco de Boer en Tom Hoekstra de Fryske kampioenen.
Bart Helmholt wûn ek de sulveren pols, in wikselpriis, foar de fierste sprong fan de dei. Dit jier leit de striid wer folslein iepen. Fansels is regearend kampioen Bart Helmholt de grutte favoryt by de topklassers, mar Nederlânsk kampioen Oane Galama, syn broer Ysbrand en ek Thewis Hobma kinne foar in ferrassing soargje. Mar ek Nard Brandsma en Thomas Helmholt ha dit seizoen oer de 20 meter ljept. By de junioaren sil de striid benammen gean tusken Age Hulder, Hans Ulco de Boer en Sytse Bokma. By de froulju hat Hilianne van der Wal, hâldster fan it Frysk rekôr mei 16.47, de bêste papieren. Dat rekôr ljepte se op 20 july yn Winsum! Lisanne Hulder, Klaske Nauta, Grytsje Abma binne de grutste konkurrinten. Bobby Zwaagman is dit seizoen by de jonges hast net te beljeppen. Mar Tom Hoekstra, Jan Teade Nauta en Simon Willem Hoeksma sille de striid oangean.

It Frysk kampioenskip fierljeppen is de hiele middei te folgjen op Omrop Fryslân radio mei kommentaar fan Koos Wieling. Op de televyzje begjint de live útstjoering om healwei trijen (14.30 oere) mei kommentaar fan Freark Wijma en âld-topljepper en fjouwerfâldich Frysk kampioen Henk Schievink.
Om 22.20 oere is der in gearfetting fan dizze wedstriid yn Boppeslach Ekstra diel 2.

Share this page on:
Boppeslach Ekstra

Boppeslach Ekstra

Omrop Fryslân is derby! As der wichtige sporteveminten binne, bringe we streekrjocht ferslach of komme we jûns mei in Boppeslach Ekstra.Lykas mei de PC, FK Fierljeppen, de Freule, de Frouljus-PC en oare wichtige sporteveneminten.
(advertinsje)