Boekekast #8: Twa ferhalen fan Sipke de Schiffart

Foar it ferhaal 'In bysûndere moeting' krige De Schiffart yn 2018 de Rely Jorritsmapriis. It ferhaal is earder ferskine yn it Rely-nûmer fan it tydskrift Ensafh. Dit ferhaal is as earste te hearren yn dizze Boekekast.

Dêrnei folget de foarpublikaasje fan De Schiffart syn roman 'Sjappy'. Dit ferhaal is earder te lêzen west yn 'De moanne', nûmer 1 2019.

Boekekast

In boek lêze dochst foaral thús yn ’e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy. Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân hawwe dêrom de podcastsearje ‘Boekekast’ opsetten, wêryn Fryske ferhalen en fragminten út aktuele romans as podcast brocht wurde. Alle wiken op snein is in nije podcast te finen.
(advertinsje)