Boekekast #8: 'It suske fan', in ferhaal fan Thys Wadman

Ik lit my achteroer falle op de learen bank. Ik fiel it swit yn myn nekke as ik myn holle tsjin it kâlde kessen fan de bank triuw. Ik skop myn sneakers út, klap myn fuotten op it taffeltsje en doch de eagen ticht. Ik fiel myn hertslach yn myn holle en yn myn hals en ik hymje as ha 'k krekt in hiel ein draafd.

It ferhaal 'It suske fan' is skreaun troch Thys Wadman en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Thys Wadman (1956) is skriuwer, is krekt as ûnderwizer mei pensjoen gien en muzikant.

Boekekast

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen fan it jier krije yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân in ferfolch. Foar it twadde seizoen ha acht Fryske skriuwers spesjaal in ferhaal skreaun, mei eltse sneon in nij ferhaal. Dêrneist giet presintatrise Karen Bies ek mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer.
(Advertinsje)