Boekekast #7: 'Hoe't ik it fjildfirus skipe', in ferhaal fan Lida Dykstra

It wie de tiid dat radio's in grien each hiene, dat popgroepen mei bistenammen de hitlisten bestoarmen en prinsessen harren ferloofden. Dat klanten net foarby de toanbank yn de winkels kamen, mar geduldich wachten oant de winkelman sels de waar fan de planken pakte, om dêrnei mei in stompke potlead it rekkentsje op te meitsjen.

It ferhaal 'Hoe't ik it fjildfirus skipe' is skreaun troch Lida Dykstra en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Lida Dykstra (1961) hat tal fan, benammen, berneboeken skreaun yn it Frysk en yn it Nederlânsk. As Berneboeke-ambassadeur giet se faak op skoalbesite.

Boekekast

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen fan it jier krije yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân in ferfolch. Foar it twadde seizoen ha acht Fryske skriuwers spesjaal in ferhaal skreaun, mei eltse sneon in nij ferhaal. Dêrneist giet presintatrise Karen Bies ek mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer.
(Advertinsje)