Boekekast #7: Famke famke fan Ale S. Van Zandbergen

Yn dizze sânde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'Famke famke' fan Ale S. Van Zandbergen.

'Famke famke' fertelt it ferhaal fan dosint Nederlânsk Haije Alkema. It lesjaan jout him net mear in protte foldwaaning, leaver skôget er skilderijen mei syn maat Konrad Skoat. Pas as er de santjinjierrige Aam Alsem yn 'e klasse kriget feroaret der wat. Aam toant ynteresse yn Alkema syn literatuurlessen. Alkema op syn beurt kin it famke net mear út syn tinzen krije.

It gefaarlike spultsje dat Haije Alkema as santjinjierrige mei Lies, Yfke en it hynstefamke Saapke spile soarget foar de spannende apoteose oan de ein fan it boek.

'Famke famke' is nominearre foar de Gysbert Japicxpriis fan 2019.

Boekekast

In boek lêze dochst foaral thús yn ’e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy. Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân hawwe dêrom de podcastsearje ‘Boekekast’ opsetten, wêryn Fryske ferhalen en fragminten út aktuele romans as podcast brocht wurde. Alle wiken op snein is in nije podcast te finen.
(advertinsje)