Boekekast #6: 'Gjin fleis mear', in ferhaal fan Jaap Krol

De barbecue dy't it buertsje organisearre, wie net echt foar de bern bedoeld. Wiebe Santema heit fan twa, helpdeskmeiwurker sûnder hier en yn syn frije tiid in betûft kajakfarder hie mei Jouke Zwerver heit fan trije, prosesbegelieder, troud mei Lubke en yn syn frije tiid meastal dwaande mei de tún it ien en oar rom en foaral simpel ynkocht. Fleis en fet: it gie hjir om de primêre geneuchten.

It ferhaal 'Gjin fleis mear' is skreaun troch Jaap Krol en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Jaap Krol (1970) hat ferskate Fryske boeken publisearre, syn lêste boek is in Nederlânsktalige ferhalebondel De hond die overstak. Hy skriuwt ek kollums foar it Friesch Dagblad en strjitkrante De Riepe.

Boekekast

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen fan it jier krije yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân in ferfolch. Foar it twadde seizoen ha acht Fryske skriuwers spesjaal in ferhaal skreaun, mei eltse sneon in nij ferhaal. Dêrneist giet presintatrise Karen Bies ek mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer.
(Advertinsje)