Boekekast #5: Wurk fan Elske Schotanus

Yn dizze fiifde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'Wurk' fan Elske Schotanus. As op in dei twivele wurdt oan de kapasiteiten fan Jasper, beslút er fan it iene op it oare momint syn wurk by in marketingadvysburo farwol te sizzen. Hieltyd mear besteget Jasper de tiid oan it skilderjen. Sa lûkt er de oandacht fan galeryhâlder Jitze Lageveen, mar al gau komt Jasper derachter dat de keunstwrâld yn wêzen net sa folle oars is as de benearjende wrâld fan de marketing.

Boekekast

In boek lêze dochst foaral thús yn ’e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy. Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân hawwe dêrom de podcastsearje ‘Boekekast’ opsetten, wêryn Fryske ferhalen en fragminten út aktuele romans as podcast brocht wurde. Alle wiken op snein is in nije podcast te finen.
(advertinsje)